Fermiste herten binne werom

18 jan 2008 - 20:40

De fjouwer fermiste herten fan boer Andries de Jong fan de Rottefalle binne wer te plak. Se stean wer by it stek dêr't se woansdeitejûn troch ûntkaam binne. De bisten stean wol oan de ferkearde kant, by de buorman.

Woansdeitejûn ûntsnapten alle njoggen herten fan De Jong troch in gat yn it stek. Fiif draafden de Wâldwei op en waarden deariden. De oare fjouwer wiene fermist, mar binne no dus wer werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)