Fermiste fûn nei plysje-oprop

18 sep 2010 - 14:39

In fermiste autistyske jonge fan 14 jier út Snits is freedtenacht troch dielnimmers fan boargernet opspoard. De plysje die in massale telefoanyske oprop om nei de jonge út te sjen, doe't er de jûns net thúskaam wie.

Ferskate boargernetdielnimmers giene aktyf op syk nei de oprop. De jonge waard om trije oere nachts yn in hûs yn Snits weromfûn. Ien fan 'e boargernetdielnimmers hat de jonge nei hûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)