Fermiste frou wer fûn

21 maaie 2010 - 21:41

De 20-jierrige Jokelie Postma dy't sûnt freedtemoarn fermist waard yn Wolvegea is wer fûn. It famke is freedtejûn goed sûn yn Emmeloord oantroffen. De plysje fûn har op strjitte en hat har fuortendalik werom nei hûs brocht.

It is noch net dúdlik hoe't it famke yn Emmeloord telâne kaam is. Se wie moarns op de fyts fan hûs nei it wurk gien, mar is dêr net oankaam. Har fyts waard letter by it Van der Valk hotel fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)