Fermiste frou wer fûn

18 maaie 2004 - 00:00

De fermiste frou út Bakhuzen is tiisdeitemiddei wer fûn. De frou lei by de fûgelhut tusken Murns en Laaksens en wie bûten westen. Sy is oerbrocht nei it sikehûs yn Snits.

De plysje wie sûnt moandeitejûn op syk nei de frou, neidat se yn oerspande tastân har hûs ferlitten hie. Moandeitejûn waard al socht mei in helikopter. Tiisdei waarden ek de Kustwacht, de rêdingsmaaatskippij en de wetterplysje ynskeakele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)