Fermiste frou út Arum dea fûn

11 feb 2005 - 16:18

In frou fan 50 út Arum, dy't sûnt in wike fermist waard, is freed dea fûn yn it wetter fan de Boarn yn Jirnsum. De frou wenne tydlik yn in wenboat yn dat doarp. Har stoflik omskot waard fûn troch twa froulju, dy't mei in roeiboat foarby kamen.

Earder dizze wike socht de plysje mei in helikopter en dûkers nei de frou. Neffens de plysje soe de frou harsels te koart dien ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)