Fermiste frou koe net swimme

31 maaie 2011 - 14:14

De studinte (24) út Arnhim dy't sûnt tongersdei fermist is nei't se op de Sleattemermar fan in sylboat foel, hie gjin swimfest oan en koe net swimme. Se is fan Afgaanske komôf. Dat meldt Omrop Gelderlân.

Se folge oan ROC Rijn en IJssel de oplieding foar toskedoktersassistinte. It sylkamp wie in ferplichte ûnderdiel fan de oplieding en hearde by it lesprogramma. Der wurdt noch hieltyd socht nei de frou. Rêdingswurkers sykje mei spesjale boaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)