Fermiste frou fûn yn Brekken

28 mrt 2010 - 14:50

De fermiste frou út Aldegea (W) is fûn yn it wetter fan 'e Aldegeaster Brekken. De 45-jierrige frou wie sûnt 20 maart wei. Doarpsgenoaten fûnen har sneon yn it wetter. It doarp hie sels in sykaksje mei boatsjes op tou set. Om seis oere hinne troffen de bewenners it stoflik omskot oan. It lichem is oerbrocht nei it sikehûs yn Snits foar ûndersyk. Dêr die bliken dat der gjin misdriuw yn it spul is. De frou is troch ferdrinking om it libben kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)