Fermiste fisker by freondinne

22 apr 2014 - 06:22

De fisker dy't ôfrûne wykein fermist waard op de Waadsee, woe nei syn freondinne ta. De Belch moat noch in selstraf útsitte yn Nederlân en woe graach mei de peaskedagen by syn freondinne wêze. Neffens Belgyske media meldt de man him tiisdei by de plysje yn Nederlân.

Neidat de man sneon as fermist opjûn waard, is in grutte sykaksje hâlden, dêr't ek de KNRM by ynset waard. Letter die bliken dat de man nei België gien wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)