Fermiste famkes wer werom

22 sep 2010 - 19:45

De twa famkes fan 15 út Veendam dy't sûnt sneon fermist waarden binne wer telâne. It duo waard woansdeitemiddei sjoen yn in tram yn Skeveningen. Twa ynwenners fan Den Haach herkenden de famkes en warskôgen de plysje. Sûnt sneontejûn waard nei de famkes socht. Se wiene foar it lêst sjoen op it NS-stasjon fan Ljouwert.

Famylje hie neat mear fan de famkes fernommen. It is noch net dúdlik wêrom't se nei Skeveningen gien binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)