Fermiste Dútser werom fûn

10 maaie 2009 - 08:58

De Dutser dy't sûnt freedtejûn yn Makkum fermist waard is werom fûn. De man (66) rûn sneon yn ferwarde tastân yn Warkum. Dêr waard er sjoen troch foarbygongers dy't fan de fermissing heard hiene. De plysje hat de man werombrocht nei de boat, dêr't er mei in maat mei te farren wie. Hoe't de man fan Makkum nei Warkum kaam is, is noch net dúdlik. Hy kaam freedtejûn net werom neidat er nei in kroech west hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)