Fermiste Cynthia wer werom

25 jan 2012 - 10:19

It fermiste famke Cynthia Aja út Ljouwert is wer terjochte. Se is 9 jannewaris mei har heit oanhâlden op it treinstasjon yn it Frânske D'Hendaye. Cynthia (13) sels is wer werom yn Nederlân. Har heit sit noch fêst om't er derfan fertocht wurdt it famke mei opsetsin meinaam hat út it opfanghûs dêr't se doe siet. Cynthia stie ûnder tafersjoch fan buro Jeugdsoarch yn Fryslân, doe't se op 8 novimber fuortrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)