Fermiste bern fûn ûnder brêge

29 jun 2010 - 10:16

Twa fermiste bern fan alve jier út Ljouwert binne moandei mei help fan in Burgernetaksje frij gau weromfûn. De plysje hie in dúdlik sinjalemint fan 'e bern. Dat waard mei in sms nei sawat 350 minsken yn de omkriten fan 'e Swingmastate stjoerd. De ûntfangers waarden frege om goed nei de bern út te sjen.

De beide bern waarden úteinlik fûn ûnder in brêge oan 'e Kanaalwei. De plysje hat de twa wer nei hûs ta brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)