Fermist: man út Drachten (29)

09 des 2014 - 10:57

De plysje siket de 29-jierrige fermiste Michel Dijkstra. De man is yn july foar it lêst sjoen yn Drachten, doe't er by syn âlden op besite wie. De twa meter lange Dijkstra hat in normaal postuer en koart brún hier. Hy hat meastentiids in spikerbroek oan.

De man reizget mei de fyts of it iepenbier ferfier. Wa't ynformaasje hat, kin kontakt opnimme mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)