Fermist jonkje yn boarterstún

05 des 2009 - 13:12

In Ljouwerter jonkje hat freed 2,5 oere fermist west. It 7-jierrige jonkje mei in geastlike beheining wie om in oere as twa fuortrûn fan syn hûs yn Cammingabuorren. Op 'e neimiddei waard er troch in foarbygonger fûn yn in boarterstún by de Griene Stjer.

Ut ûndersyk fan de plysje hat bliken dien dat er dêr sels hinne rûn is. It jonkje is nei't er fûn wie oerbrocht nei it sikehûs omdat er ûnderkuolle rekke wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)