Fermist famke Ljouwert fûn nei sykaksje

31 jul 2015 - 19:45

De plysje hat freedtejûn mei in helikopter en mei in oprop fia Burgernet socht nei in fermist famke. It gie om de 16-jierrige Rachela. It famke wie foar it lêst sjoen by it treinstasjon by Camminghabuorren yn Ljouwert. Dêr hat de helikopter mei spesjale apparatuer socht. De sykaksje en de Burgernetaksje smieten earst neat op, mar letter op de jûn waard it famke dochs fûn yn de trein nei Bûtenpost.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)