Fermist famke en wapens fûn

16 apr 2012 - 10:40
  • Pepperspray

In 21-jierrige man út Snits is ôfrûne nacht oanholden foar ferbean wapenbesit. Op in parkearterrein oan de Klokhúsleane yn Drachten seach de plysje in auto stean mei dêryn in 21-jierrige man út Snits en in famke fan 15 jier. Sy wie as fermist opjûn, omdat se út in ynstelling yn Drachten fuortrûn wie dêr't se ferplichte opnaam wie. De plysje brocht it famke werom.

Yn de auto fan de Snitser fûn de plysje in flintermes, pepperspray en in slachwapen. De wapens binne yn beslach naam. De Snitser is oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)