Fermist famke is der wer

17 jan 2009 - 12:25
  • Dorien is net mear fermist, neffens it AD

Dorien Deodatus (15) út Leusden is wer fûn. Dat meldt de krante it Algemeen_Dagblad. De plysje tocht dat it famke (15) yn Fryslân wêze soe, om't se in treinkaartsje nei Ljouwert kocht hie. It famke gie tiisdei yn plak fan nei skoalle nei de kapper om har hier read fervje te litten, dêrnei is se op de trein stapt.

De plysje wol net fertelle oft se ek yn Ljouwert weromfûn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)