Fermanje Ballum net ferkocht

02 jan 2012 - 09:59

De fermanje fan Ballum op It Amelân is noch net ferkocht. Freed soe it tsjerkje feild wurde, omdat de kosten fan it gebou te heech binne foar de tsjerke. De menisten binne fusearre mei de grifformearden en kinne net alle tsjerkegebouwen iepenhâlde. It tsjerkje út 1883 wurdt dêrom yn de ferkeap dien.

By de feiling wie lykwols mar ien gadingmakker foar it tsjerkje. Dy hat in bod útbrocht. It tsjerkebestjoer hat it bod noch op beried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)