Ferljochte walfisk siert Oude Lombardsteech

27 aug 2015 - 22:01

It keunstwurk yn de Ljouwerter Oude Lombardsteech is tongersdei iepene troch keunstner Giny Vos en de wethâlders Henk Deinum en Sjoerd Feitsma. It giet om in 18 meter lang metalen bonkerak fan in walfisk mei ferljochting. De ûntbleating fan it keunstwurk bestie út it oansetten fan de ferljochting. In soad Ljouwerters wiene hjir op ôfkaam en de earste resinsjes binne posityf. De oanpak fan dizze steech is it slútstik fan de opwurdearring fan de hiele omjouwing, ynklusyf it nije Fries Museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)