Ferlies UNIS Flyers nei penalty's, Tilburg kampioen

20 mrt 2015 - 23:13
  • Teloarstelling by de spilers fan de UNIS Flyers

De iishockeyers fan de UNIS Flyers koene freedtejûn net foarkomme dat Destil Trappers Tilburg foar de 15e kear yn de histoarje kampioen fan Nederlân waard. Yn Brabân waard de super spannende sechsde wedstriid nei penalty's wûn troch de thúsploech (5-4). It wie de fjirde winst fan Tilburg yn de 'bêste fan sân searje'. De perioadestannen: 2-1, 2-1, 0-2. Yn de ekstra tiid waard net mear skoard. It penaltysjitten waard troch Tilburg krekt better dien.

Foar de Flyers wiene yn de reguliere tiid Mitch Bruijsten (2), Brandon Greenside en Josh Prudden de doelpuntemakkers. Marco Postma fersulvere syn penalty, de ynsetten fan Prudden en Bruijsten gongen der net yn. Ek de penalty fan Brad Snetsinger fan Tilburg gong der net yn omdat goaly Martijn Oosterwijk goed kearde. Oosterwijk wie kânsleas op de ynsetten fan Steve Mason en Diederick Hagemeijer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)