Ferlies SC H'fean by Willem II

04 okt 2014 - 21:40

SC Hearrenfean is der net yn slagge om koprinner yn de earedivyzje te wurden. Yn Tilburg by Willem II waard mei 2-1 ferlern. De wedstriid kaam wat muoisum op gong, mar dêrnei krigen beide ploegen kânsen. Mark Uth sette Hearrenfean yn de 41e minút op foarsprong. Nei it skoft hiene Luciano Slagveer, Marten de Roon en Uth dien wurk meitsje kinnen.

In frije traap fan Ali Messaoud waard fan rjochting feroare (Dries Wuytens) en plofte yn de 76e minút yn de goal fan Nordfeldt (1-1). Terell Ondaan soarge yn de 87e minút foar de Feanster domper.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)