Ferlies Prins Dokkum ferwachte

26 nov 2003 - 00:00

It metaalferwurkjend bedriuw Prins út Dokkum ferwachtet dit jier in ferlies fan 3 miljoen euro en in omset fan rûchwei 40 miljoen. Dat ferlies is heger as de rie fan kommissarissen oant no ta ferwachte.

It bedriuw hie de earste helte fan dit jier in ferlies fan 1,7 miljoen euro. Troch in reorganisaasje binne al 88 fan de 150 banen ferlern gien. De direksje ferwachtet takom jier wer winst te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)