Ferlies Mid-Fryslân en SCO

13 apr 2013 - 17:21
  • Kuorbal

De kuorballers fan Mid-Fryslân ha sneon mei 22-20 ferlern fan Amicitia. Yn Vriezenveen wienen beide ploegen goed oaninoar weage. By rêst stie der in 9-8 tuskenstân op it boerd. Yn in lykopgeande striid wie it úteinlik de thúsploech dy't oan it langste ein luts.

SCO kaam op eigen fjild te koart tsjin koprinner DVO. De gasten út Bennekom wûnen mei 25-19. Foar rêst koe de ploech fan trainer Hillebrand Diever knap bybliuwe en sochten beide teams de klaaihokken op by in 10-11 rêststân. Nei it skoft sloech DVO ta en moast SCO dochs belies jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)