Ferlies keapkrêft treft Friezen

08 des 2004 - 15:25

Ien op de fjouwer Friezen sit op in besteansminimum. Sy sille hurd troffen wurde troch it ekstra ferlies oan keapkrêft dat foar takom jier ferwachte wurdt. Ut de nijste sifers fan it regear docht bliken dat minsken takom jier wer minder te besteegjen hawwe as earder bekend waard.

Dat yn Fryslân sa'n soad minsken in minimumynkommen hawwe, komt om't de wurkleazens hjir heger is as lanlik. Ek binne de ynkommens hjir leger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)