Ferlies kampioen Jong H'fean

22 apr 2013 - 22:11
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Jong Hearrenfean, ferline wike al kampioen wurden yn de beloftekompetysje, rûn moandeitejûn tsjin it twadde ferlies oan. Jong Ajax wie yn it Abe Lenstra stadion de bettere ploech. De Amsterdammers wûnen troch doelpunten yn de earste helte fan Serero en Sana mei 2-0. Jong Hearrenfean, in echt jonge ploech, spile ien fan de mindere wedstriden fan it seizoen. Jong Ajax, mei û.o. Derk Boerrigter en Danny Hoesen, krige dizze kear te min tsjinstân. In protte jonge taskôgers fan de thúsploech hiene grif mear ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)