Ferlies Jong Oranje yn Italië

06 feb 2008 - 10:19
  • Foppe de Haan: '''We moatte noch hurd wurkje de kommende moannen''
  • Calvin Jong-A-Pin spile de twadde helte mei (foto Martin de Jong)

It Olympysk alvetal hat tiisdei de freonskiplike wedstriid yn en tsjin Itaalje ferlern. De ploech fan bûnscoach Foppe de Haan ferlear yn Ferrara mei 2-1. It wie it earste ferlies yn 'e tarieding op de Olympyske Spullen yn Sina.

Drenthe makke yn de 72ste minút de iennichste goal foar Oranje. Foar Itaalje skoarden Osvaldo en Rossi. Nederlân spile it lêste kertier mei 10 man nei in reade kaart foar Ryan Donk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)