Ferlies Jong H'fean yn Grins

28 apr 2014 - 20:45
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Jong Hearrenfean, de kampioen fan it foarige seizoen, hat de beloftekompetysje ôfsletten mei in 5-4 ferlies tsjin FC Grins. Yn de Euroborg hie de thúsploech troch Kevin Mennega in 2-0 foarsprong by it skoft. Samir Fazli en Uche Nwofor soargen foar lykwicht, mar Grins brocht it ferskil wer op twa troch Burak Saban en Género Zeefuik. It spektakel wie noch net dien, want Michael Chacon en Kenneth Otigba soargen foar de 4-4. Yn de ekstra tiid foel de 5-4 fan Zeefuik. Jong Vitesse is op doelsaldo kampioen, foar Jong Grins. Jong H'fean waard fjirde.

Kampioen Jong Vitesse út pûl A spilet tsjin Jong Feyenoord/Excelsior, de kampioen fan pûl B, om it lânskampioenskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)