Ferlies jong Hearrenfean

09 mrt 2009 - 21:39

Jong Hearrenfean ferlear moandeitejûn op Sportpark Skoatterwâld kânsleas mei 3-1 fan jong De Graafschap. De klup út Doetinchem naam yn de earste helte in 2-0 foarsprong. Cerezo Fung a Wing mei in kopgoal en Osama Assaidi, nei in blunder fan Hearrenfean keeper Harm Zeinstra, wiene de doelpuntemakkers.

Krekt foar it skoft waard it troch Donovan Deekman 1-2. Rik_Sebens makke yn de twadde helte dien wurk tsjin de ûnmachtige Feansters. Jong Hearrenfean hat no 24 punten út 20 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)