Ferlies jong Hearrenfean

13 okt 2008 - 21:46

Jong Hearrenfean ferlear moandeitejûn foar de beker yn en fan Zwolle mei 1-0. Troch in betiid doelpunt fan Eltjo Gnodde yn de fjirde minút moasten de Feansters yn de achterfolging. Der kamen wol kânsen foar de ploech fan trainer Hans de Jong, mar de bal woe der net yn.

Ek yn de twadde helte koe jong Hearrenfean tsjin it leger spyljende Zwolle it fjildoerwicht net omsette yn doelpunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)