Ferlies jong Hearrenfean

17 des 2007 - 21:33
  • Afonso Alves spile moandei ûnopfallend ien helte mei (foto Martin de Jong)

Jong Hearrenfean ferlear moandeitejûn foar de tredde kear dit seizoen. Yn in kâld Abe Lenstra stadion wie jong FC Utrecht mei 2-1 te sterk.

De thúsploech, mei yn de earste helte Afonso Alves ûnopfallend binnen de linen, kaam troch Arnor Smárason noch wol op foarsprong. Nei de 1-1 stân by it skoft waard der yn de twadde helte min spile. Jong FC Utrecht - de ploech fan âld-Cambuur trainer Roy Wesseling -pakte yn de 68ste minút de winst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)