Ferlies Jong Hearrenfean

02 nov 2009 - 21:10
  • Twa kear giel foar Milan Kopic

Jong Hearrenfean/Emmen hat de wedstriid yn Hengelo tsjin Jong FC Twente mei 1-0 ferlern. It doelpunt fan Nikita Rukavytsya foel al yn de earste minút. Nei in reade kaart spile de thúsploech nei in healoere mei tsien man. Krekt foar it skoft hie Pawel Wojciechowski foar de lykmakker soargje moatten, mar syn strafskop waard keard troch keeper Mihaylov.

De kombinaasjeploech foel yn de twadde helte oan, mar de goal foel net. Wol de twadde giele kaart foar Milan Kopic.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)