Ferlies Jong Hearrenfean

30 sep 2013 - 21:16

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn de útwedstriid tsjin Jong NEC/FC Oss mei 2-0 ferlern. By rêst wie it noch 0-0 en hie Jong Hearrenfean it bettere fan it spul.

Yn de twadde helte skoarde âld-Hearrenfeanspiler Geert Arend Roorda it earste doelpunt. De twadde treffer kaam út in strafskop: Roorda waard ûnderúthelle yn de 16 meter wêrnei't Youri Loen skoarde fan de stip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)