Ferlies Hearrenfean yn Almelo

06 des 2009 - 18:22

Sportklup Hearrenfean hat snein de útwedstriid tsjin Heracles Almelo mei 3-1 ferlern. De Feansters kamen yn de 16e minút op efterstân troch in goal fan Looms. Overtoom ferdûbele de foarsprong fia in penalty yn de 27e minút.

Hearrenfean kaam let yn de wedstriid werom. Assaidi makke yn de 82e minút de 2-1. Bas Dost makke yn de blessueretiid in ein oan de wedstriid troch de 3-1 te skoaren. It is it njoggende ferlies foar Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)