Ferlies Hearrenfean-froulju

18 okt 2007 - 22:41

It frouljusteam fan SC Hearrenfean hat op 'e nij ferlern yn de earedivyzje. Dit kear wie FC Utrecht op Sportpark Skoatterwâld mei 0-1 te sterk. It doelpunt foel yn de 68ste minút doe't Hoogendijk de bal mei de holle yn it doel krige. De Feansters spilen in goeie wedstryd, mar slaggen der wer net yn om de goal te finen. Hearrenfean bliuwt troch dit resultaat op it lêste plak stean mei mar 3 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)