Ferlies Harkemase Boys

17 sep 2011 - 17:30
  • Rob van Bunderen oan de bal (foto: awfoto.nl)

Harkemase Boys hat sneon gjin goed ferfolch jaan kind oan de earste seizoensoerwinning fan ôfrûne wykein. Yn en tsjin Spakenburg rûn de ploech fan trainer Rodenhuis mei 4-0 op tsjin it fjirde ferlies yn de topklasse.

Dochs like Harkemase Boys op foarsprong te kommen, mar in doelpunt fan Harvey Bischop waard om net dúdlike reden ôfkard. Krekt foar rêst iepene de thúsploech wol de skoare. Yn de twadde helte waard Spakenburg sterker en makke de kânsen effektyf ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)