Ferlies Hark. Boys yn Nunspeet

24 apr 2010 - 16:41

De kampioensaspiraasjes fan sneonshaadklasser Harkemase Boys kinne yn de kast. De Harkiten ferlearen sneon yn en tsjin Nunspeet mei 3-2.

Nunspeet kaam yn de earste helte op in 1-0 foarsprong. Binnen de minút makke Ronald van der Heijden út in hoekskop de lykmakker. Nunspeet rûn noch foar it skoft út nei 3-1. It wie Martijn Barto dy't wat werom die. Hy soarge foar de 3-2 einstân. Excelsior '31 út Rijssen waard kampioen nei de 2-0 winst by Go Ahead Kampen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)