Ferlies Fryske haadklassers

23 apr 2011 - 17:17

De beide Fryske haadklassers ha sneon ferlern. ONS Snits kaam yn de earste helte op in 2-0 efterstân tsjin Berkum, mar Martijn Roosenburg makke krekt foar rêst it ferskil net al te grut. Nei de tee skoarde Cutrick Gonzales de lykmakker. Mar Berkum luts oan it langste ein: it skoarde 3-2.

Drachtster Boys ferlear thús mei 2-1 fan WHC. Mei rêst stie WHC al mei 1-0 foar. De nûmer twa fan de haadklasse kaam doe op in 2-0 foarsprong. Marco Woudsma skoarde noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)