Ferlies froulju SC Hearrenfean

14 apr 2012 - 14:46
  • SC Hearrenfean

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe freedtejûn op eigen fjild mei 3-1 ferlern fan VVV Venlo. Nei goed in healoere spyljen kaam VVV op 1-0 foarsprong. It twadde Venlose doelpunt foel noch gjin fjouwer minuten letter, wêrtroch de Feanster froulju mei in 2-0 efterstân de klaaihokken yn gongen.

Yn de twadde helte skeat Vivianne Miedema har ploech mei in linich skot werom yn de wedstriid. De hoop mocht lykwols net lang duorje, want tsien minuten letter smiet VVV de wedstriid yn it slot mei in tredde treffer.

De froulju fan SC Hearrenfean steane no op in fjirde plak mei 14 punten út 13 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)