Ferlies froulju Hearrenfean

11 des 2008 - 23:28

De froulju fan de Sportclub Hearrenfean ha tongersdeitejûn op Sportpark Skoatterwâld mei 2-1 ferlern fan Willem II. Beide ploegen wiene oaninoar weage, mar de ploech út Tilburch profitearre fan in tal flaters fan de thúsclub.

Brenda Eefting wie de Feanster doelpuntemakker, Karin Stevens die it twa kear foar Willem II. Hearrenfean hat no 14 punten út 11 wedstriden en stiet dêrmei op it fiifde plak. Allinne Twente en Roda ha minder punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)