Ferlies follybalsters Snits

16 mrt 2014 - 13:53
  • Follybal Snits

De follybalfroulju fan Snits hawwe sneontejûn yn de play-offs-searje mei 3-1 ferlern fan Sliedrecht Sport. Yn Sliedrecht ferlearen de froulju út Snits de earste set mei 25-21. Dêrnei gong de knop om by de ploech fan trainster Petra Groenland en waard de winst yn de twadde set binnensleept mei 22-25.

Yn de tredde en fjirde set wie Sliedrecht de bettere en pakte de winst mei de setstannen 25-13 en 25-17. It ferlies wie op 'e nij in domper foar de Snitser froulju nei it soere 3-2 ferlies ôfrûne tongersdei tsjin de nûmer lêst Weert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)