Ferlies follybalsters Snits

13 mrt 2014 - 20:54
  • Petra Groenland

De follybalsters fan Snits ha tongersdeitejûn yn de play-offs mei 3-2 ferlern fan de nûmer lêst Weert. Yn Weert pakten de froulju fan trainster Petra Groenland de earste set mei 16-25. Yn de twadde set luts de thúsploech de stân wer yn lykwicht mei in 25-19 setwinst.

Dêrnei liken de Snitser froulju it spoar efkes bjuster, want de tredde set waard ferlern mei 25-13. Mei in spannende fjirde setwinst (22-25) soarge Snits op 'e nij foar lykwicht. Yn de beslissende fyfde set wie it úteinlik Weert dat mei 19-17 de winst oer de streek luts.

Sneon geane de Snitser froulju op besite by Sliedrecht Sport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)