Ferlies follybal Snits yn earste wedstriid kwartfinale beker

14 jan 2015 - 21:37
  • De froulju fan VC Snits

De follybalfroulju fan Snits hawwe woansdeitejûn de earste wedstriid yn de kwartfinale fan de beker mei 3-2 ferlern fan Eurosped. Yn Almelo kamen de Snitsers mei 2-0 efter, mar se knokten harren werom nei 2-2. De fiifde en beslissende set moasten se lykwols oan Eurosped litte. De setstannen: 25-19, 25-11, 21-25, 21-25 en 15-6.

Op tongersdei 29 jannewaris is de return yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)