Ferlies foar Van der Duim

21 feb 2006 - 10:56

Antal van der Duim fan Finkegea hat moandei syn debút makke op it grutte ABN-Amro tennistoernoai yn Rotterdam. Op it centre court ferlear er de dûbel mei Thiemo de Bakker fan Den Haach mei 2-0 (6-2 en 6-1) fan Paul Hanley en Kevin Ullvett.

Tiisdei spilet Van der Duim yn it enkelspul tsjin Alex Calatrava, de nûmer 201 fan de wrâldranglist. Van der Duim stiet op 't heden op it 997e plak op de wrâldranglist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)