Ferlies foar topklasser ONS Boso tsjin GVVV

21 mrt 2015 - 17:17
  • O.N.S. BOSO Snits

Topklasser ONS Boso ferlear sneon mei 2-0 fan GVVV. Op it Sudersportpark kamen de Snitsers al yn de 3e minút op efterstân. Yn de 38e minút wie it op 'e nij raak foar de gasten út Veenendaal en kaam ONS op in 2-0 efterstân.

Nei rêst besocht de ploech fan trainer Bert Hollander it wol, mar echt gefaarlik wisten de Snitsers net te wurden. GVVV koe de foarsprong út de earste helte dêrtroch maklik konsolidearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)