Ferlies foar Snitser follybalsters tsjin Set-Up

22 mrt 2015 - 11:31
  • Coach Petra Groenland

De follybalfroulju fan Snits binne dwaande mei in wikselfallich seizoen. Yn de kampioensgroep waard sneontejûn mei 3-1 ferlern fan Set-Up '65. Yn Ootmarsum wiene de setstannen 25-21, 25-17, 16-25, 25-19. Troch it ferlies stean no trije ploegen op in dield twadde plak: Set-Up '65, Snits en Sliedrecht Sport. Alle trije ha 12 punten út seis wedstriden. Eurosped is de nûmer ien mei 14 út fiif.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)