Ferlies foar Snits Wyt Swart

02 okt 2011 - 16:33
  • It earste doelpunt fan Cees Smaal (foto: Klaas Hijlkema, www.khfoto.nl)

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart/Boso Sneek hat it snein thús tsjin RKHVV út Huissen hielendal rinne litten. De ploech fan Johan Groote ferlear mei 5-3. Dêr like it nei alve minuten net op. Smaal en Yachou skoarden foar de Snitsers. Nei in sterke perioade foar rêst, koe RKHVV werom komme ta 2-2.

Yn de twadde helte skoarde Cees Smaal de 3-2, troch in skot dat like op in foarset. Al wurke dy foarsprong as oalje op it fjoer fan de besikers, se skoarden dêrnei flot trije kear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)