Ferlies foar Snits Wyt Swart

07 mrt 2010 - 16:30

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat snein yn Meppel mei 4-1 ferlern fan Alcides. De Snitsers spilen in net al te bêste wedstriid.

Yn de earste helte kaam Alcides op in 1-0 foarsprong. Nei it skoft kaam de ploech út Meppel troch in penalty op 2-0. It wie Kassim Bizimana dy't de spanning werombrocht: it waard 2-1. Alcides bleau de bettere ploech en rûn út nei 3-1 en 4-1, Dat wie ek de einstân. De Snitsers hawwe 17 punten út 16 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)