Ferlies foar Snits Wyt-Swart

08 sep 2013 - 16:22
  • Logo VV Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart Boso Snits hat snein mei 3-1 ferlern fan RKHVV. Yn Huissen iepene de thúsploech de skoare nei in goed healoere spyljen. De ploech fan Johan Groote moast nei rêst op jacht nei de lykmakker. Mei in treffer yn de 62e minút wie it lykwols RKHVV dy't de wedstriid yn it slot smiet.

Yn de einfaze wie it opnij de thúsploech dy't mei in tredde treffer foar in romme oerwinning soarge. Krekt foar it einsinjaal mocht Kevin Huitema foar de earetreffer tekenje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)