Ferlies foar ONS Snits

18 apr 2006 - 13:44

Yn de sneonshaadklasse ferlear ONS Snits moandei de útwedstriid tsjin Excelsior 31 mei 3-0. It kampioensfeest fan de Snitsers, dy't 5 basisspilers misten, wurdt dus noch efkes útsteld.

Drachtster Boys helle yn Swolle in prima risseltaat troch mei 2-0 te winnen fan Be Quick 28. De Boys bliuwe yn de race om degradaasje te ûntrinnen. Harkemase Boys gie op eigen fjild mei 1-0 ûnderút tsjin Kampen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)