Ferlies foar NOM yn 2009

10 maaie 2010 - 14:53

De noardlike ûntwikkelingsmaatskippij, de NOM, hat ôfrûne jier in ferlies hân fan 7,5 miljoen euro. It ferlies wurdt foaral feroarsake troch it feit dat se gjin oandielen yn bedriuwen ferkeapje koene, dat se folle minder dividind binnenkrigen ha en troch fallissseminten fan bedriuwen.

Alles hat te krijen mei de finansjele krisis fan de ôfrûne pear jier. Dochs is de NOM foarsichtich posityf foar dit jier. Se sjogge dat hieltyd mear bedriuwen wer doarre te ynvestearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)